maandag 28 september 2009

~

As ik freegje mei

Dyn wyske waait mei twirrewyn
by beltsjeblom en Piipkrûd del
en in swarte lyster sjongt mei.

Yn myn tinzen sjoch ik
dyn fingers oer de taatsen gean,
bliid twinkelje dyn eagen.

In wâldûle lânet in tûken
fan myn âlde libbensbeam en
resitearet dyn leafdesdicht.

Yn it wiid en wite wolketek
fervet ien trochsichtige hân
omkanten fan de hillige faam.

Meitsje ik moaie dreambylden,
wol myn wrâld bedragen wêze,
of sykje ik dyn wolkom thûs?

Leauwe en witte leafste is twa.

~*~

Als ik vragen mag

Je wijsje waait met dwarrelwind
langs fluitekruid en harteplant,
zacht zingt een merel mee.

In mijn gedachten zie ik
je vingers over toetsen gaan,
blij twinkelen je ogen.

Een bosuil landt in takken
van mijn oude levensboom
en reciteert je liefste lied.

In het wit en wijde wolkendek
schildert een doorzichtige hand
contouren van de heilige maagd.

Maak ik mooie droombeelden,
wil mijn wereld bedrogen worden
of adem ik jouw welkom thuis?

Geloven en weten liefste zijn twee.

Delft, 21 mei 2007

Geen opmerkingen:

Een reactie posten